Gjin stipe foar wet ferbreedzjen slûs Koarnwertersân

06 apr 2020 - 19:00

In spesjale wet om it ferbreedzjen fan de slûs by Koarnwertersân mooglik te meitsjen, is fan de baan. Minister Cora van Nieuwenhuizen hat de Twadde Keamer witte litten dat sa'n wet der net komt om't der tefolle juridyske beswieren oan fêst sitte.

De slûs fan Koarnwertersân is hjoed-de-dei foar in soad skippen te smel - Foto: Omrop Fryslân

It bedriuwslibben hie frege om in spesjale wet, sa't de provinsje de foech krije soe om in finansjele bydrage te freegjen oan Fryske bedriuwen dy't baat hawwe by in bredere slûs. Der wie hope dat sa'n wet genôch jild byinoar bringe koe foar it útwreidzjen fan it slûzekompleks, mar dat is dus net mooglik.

De minister en provinsje Fryslân sille wol sjen nei in oare wize om it ferbreedzjen te bekostigjen.

Deputarre Avine Fokkens

(Advertinsje)
(Advertinsje)