Coronameldpunt Ljouwert: 102 meldingen yn hast oardel wike tiid
Yn hast oardel wike tiid binne der al 102 meldingen dien op it 'Meldpunt Overlast' fan de gemeente Ljouwert foar corona-oertrêdingen. Op dit meldpunt kinne minsken it by de gemeente dellizze as sy sjogge dat oare minsken harren net oan de regels hâlde. Dan giet it bygelyks om it byinoar kommen yn groepen en it net hâlden oan de 1,5 meter ôfstân.
As Ljouwerters fia it meldpunt wat oanjaan wolle, moatte sy op de webside ynlogge mei harren DigiD. Nettsjinsteande dy ekstra hanneling binne der dus noch 102 meldingen dien.
Boargemaster Sybrand Buma hat it meldpunt op 27 maart spesjaal iepenset foar meldingen dy't mei it coronafirus te krijen hawwe. Sa soene ynwenners harren klachten maklik melde kinne, sa't de gemeente dêrnei hanthavenje kin.
Friezen kinne ek op it algemiene plysjenûmer (0900-8844) fan de plysje yn Noard-Nederlân terjochte, dêr binne ek in soad meldingen oer it gearkloftsjen fan minsken binnenkaam.