Bedriuwswein en oanhingwein slaan om op A31 by Marsum

Op de A31 by Marsum is moandeitemiddei in bedriuwswein oer de kop slein. De oanhingwein efter de wein is losbrutsen en op de sneldyk kamen allerhanne stiennen en oar materiaal telâne. De twa minsken yn it buske binne behannele troch ambulânsepersoniel. Hoe't it krekt mei harren is, is net bekend.
© AS Media
Ien rydstripe is troch de plysje ôfsletten foar it autoferkear. De bedriuwswein is flink skansearre troch it iensidich ûngelok. De rotsoai op de dyk wurdt opromme. Der wie al in file fan goed fjouwer kilometer ûntstien yn de rjochting fan Ljouwert.