Kening Willem-Alexander bellet mei Lemster skoalle: "Bliuw posityf"

06 apr 2020 - 17:27

Kening Willem-Alexander hat moandei belle mei direkteur Sietske de Jong fan it IKC De Arke op De Lemmer. Hy frege nei de gefolgen fan de sluting fan de skoalle fanwege it coronafirus en woe witte hoe't learkrêften, bern en âlden it foar elkoar bokse. En hoe't it moat mei skoalreiskes en it ôfskied fan de learlingen yn groep acht. Ferline jier wie de kening op De Arke by de iepening fan de lanlike Koningsspelen.

Foto: IKC De Arke

"It wie spannend en relaxed, it wie in fijn petear. De kening wie ynteressearre hoe't Fryslân dizze tiid belibbet en wat we dogge. It wie hiel bysûnder, we ha wol goed in kertier belle," seit Sietske de Jong, direkteur fan de skoalle.

"Ferline jier wie al sa bysûnder dat er hjir kaam om mei de bern feest te fieren. Doe't ik freed hearde dat de kening belje soe, wie ik wol ûnder de yndruk dat de kening noch oan ús tinkt en oan de bern fan De Lemmer. Dat komt grif troch de Koningsspelen. Hy fertelde dat ien fan syn dochters har meilearlingen miste, dat dogge ús bern ek en wy misse de bern."

Foaral foar de bern yn groep 8 as it raar, as se gjin ôfskied nimme kinne mei in musical. "We hoopje dat skoalle wer iepen mei." De Jong priizget de âlden dy't de bern thús ûnderwiis jouwe. "Elk docht syn bêst, we jouwe ynstruksje en bern kinne online chatte mei elkoar."

"Ta beslút hie de kening noch in boadskip: we moatte posityf wêze en bliuwe. En dêr jou ik him gelyk yn."

Sietske de Jong

Trefwurden: 
De Lemmer kening coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)