Tips foar thúswurkers: tink goed om de hâlding

06 apr 2020 - 16:54

In mûsearm, in tennisearmtakke of lêst fan de nekke en de rêch: no't hieltyd mear minsken thúswurkje, groeit ek it tal klachten by de Arbo-dokter. Op de bank of oan de keukentafel wurkje, blykt net goed te wêzen foar ús fysike kondysje. Health2Work yn Surhústerfean jout elkenien dy't thúswurket in oantal tips.

Troch it útbrekken fan it coronafirus freegje hieltyd mear bedriuwen harren wurknimmers om thús te wurkjen. Dat falt net altyd ta. De eigen burostoel sit in stik minder komfortabel as dy op it wurk. En ek op de wurkhâlding falt noch wol it ien en oar op te merken, fertelt Hadi Smedema fan Health2Work. "It is belangryk om op eachhichte nei dyn byldskerm te sjen. Set dêrom in laptop bygelyks wat heger mei help fan in steapel boeken."

Hadi Smedema fan Health2Work jout tips - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De wichtichste tips neffens it bedriuw út Surhústerfean op in rychje:

  • Brûk in kessentsje op dyn stoel, dêrmei wurdt de spanning op de skouders leger
  • Soargje derfoar dat dyn eagen like heech binne as dyn byldskerm. Set dêrom boeken of in pak papier ûnder de laptop of dyn byldskerm
  • Nim op tiid skoft, set bygelyks in wekker om sa no en dan dyn holle leech te meitsjen
  • Soargje foar ôfwikseling. Tusken it sitten troch moatst dus stean kinne
  • Behein ôflieding en wurkje dus oan ien stik troch
  • Hast bern thús? Meitsje ôfspraken mei de bern

Meiwurkers fan Health2Work kinne yn dizze tiid net delkomme om tips te jaan, dêrom belje se mei klanten. Se besjogge dan hoe't it thúswurkplak is en wat der better kin. Troch it útbrekken fan it coronafirus freegje hieltyd mear bedriuwen har wurknimmers om thús te wurkjen.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Ien fan harren is bygelyks Theo Bosgra fan in grutte autodealer. Hy krige rêch- en nekklachten nei in skoftsje thúswurkjen. "Ik sit op it wurk altyd yn in stoel dy't hiel krekt foar my ôfsteld is. Ek yn de auto stiet de stoel nei myn winsken. Ik moat der no oan wenne thús dat ik op in oare stoel sit te wurkjen."

Bosgra kin fuort oan de slach nei in telefoanysk petear mei Hadi Smedema. Der komme boeken op tafel om it byldskerm fan syn laptop heger te krijen en hy wurket no mei in los toetseboerd en mûs.

(advertinsje)
(advertinsje)