SportCast: "Wil de trainerscursus gaan doen door Henk en Sandor"

06 apr 2020 - 16:52

Unwissens hâldt de fuotbalwrâld noch altyd yn de besnijing. Wurdt it seizoen no wol of net útspile? Wer reden genôch om dêroer te praten yn in nije SportCast. Spesjale gast is SC Cambuur-oanfierder Erik Schouten. Dêrnjonken bellet ek de Fryske direkteur fan NAC Breda yn, Luuc Eisenga. Want hoe komt it mei it fuotbalseizoen?

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te lústerjen.

Tiisdei wurdt op 'e nij oerlein mei de ferskate partijen yn it betelle fuotbal. Ek Schouten hat, as oanfierder fan Cambuur, syn miening jûn. "Tot 30 juni kunnen we voetballen, daarna moet je op naar het volgende seizoen. Anders kom je daar mee in de problemen", is hoe't de West-Fries deryn stiet. Hy is noch net hûndert prosint wis dat der tiisdei ek echt dúdlikheid komt. "Elke dinsdag is volgens mij belangrijk. Ik wacht het eerst maar af, want de afgelopen drie weken is er niets uitgekomen."

Frjentsjerter Luuc Eisenga is direkteur fan NAC Breda, dat mei in perioadetitel yn 'e bûse fiifde stiet yn de earste difyzje. Hy tinkt dat nûmers ien en twa Cambuur en De Graafschap promovearje sille en hopet dat syn klup dêr ek noch foar yn oanmerking komme kin. "Als ik door mijn geel-zwarte bril kijkt: laat ons en Volendam een play-off-wedstrijd spelen om dan tegen de nummer zestien van de Eredivisie te spelen. Maar ja, het is allemaal relatief in deze tijd."

Trainerskursus

Fansels giet it ek efkes oer fuotbal. De oanfierder fan Cambuur is ûnder de yndruk fan de prestaasjes dit seizoen. Ek taktysk besjoen, want hy sjocht Henk de Jong en Sandor van der Heide as de bêste trainers dy't er hân hat. "Ja, tot nu toe zeker. Ik wil zelfs volgend jaar mijn trainerscursus gaan doen door hun. Dat meen ik serieus. Het is gewoon leuk als je er zo over nadenkt en zelf dingen gaat zien. Dan is het geweldig om te zien hoe simpel het soms kan zijn."

Schouten is ek op de hichte fan de reputaasje fan Van der Heide, dy't yn syn tiid as fuotballer net bekend stie om it keihurde wurkjen. "Grappig dat hij ons af en toe loopjes laat doen, terwijl hij daar zelf ook een schijthekel aan had vroeger", laket Schouten.

Foto: Orange Pictures

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer yn de SportCast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(advertinsje)
(advertinsje)