Corona hâldt Garyp yn 'e besnijing: "We besykje safolle mooglik stipe te jaan"

06 apr 2020 - 16:45

It coronafirus docht ek in oanslach op de doarpsmienskip fan Garyp. Mear as tsien minsken ha har yntusken meld mei sykteferskynsels. By twa minsken soe it firus fêststeld wêze, fan wa't in 70-jierrige ynwenner fan Garyp koartlyn opnommen wurde moast yn it MCL-sikehûs yn Ljouwert.

Foto: Movere Media

De oarsaak fan dizze lytse útbraak soe lizze by in aktiviteitegroep fan de PKN-tsjerke, dy't begjin maart in reis nei Israel makke hat en neffens guon doarpsbewenners it firus meinommen hawwe soe nei Fryslân.

Douwe Tamminga fan de tsjerkeried yn Garyp tinkt dêr lykwols oars oer. "Wy tinke dat dy konklúzje te fluch is. Doe't dy groep yn Israel wie, wie de earste coronapasjint al yn Burgum. It firus wie dus al yn de Wâlden. Wy sjogge dat dus los fan inoar", seit Tamminga. "Jo sjogge dat it soargen en eangst jout. Minsken gean dan op syk nei in ferklearring en yn Garyp is dat dan de tsjerkereis", seit hy.

Ofspegeling fan Fryslân

"Mei twa besmettings binne we in ôfspegeling fan de doarpen yn Fryslân", seit hy. Neffens Tamminga hawwe de coronamaatregels dan ek gruttere gefolgen foar it doarp as de twa besmettings. De tsjerke is dan ek direkt begûn om op in oare wize kontakt te sykjen mei de minsken. "Benammen minsken yn de riskogroep, dy't thússitte út foarsoarch. Dêrfoar ha we ûnder oaren in nijsbrief makke."

"We ha dêrneist ek in meldpunt opset foar minsken dy't help nedich ha by it boadskipjen of medisinen. En de wykteams hawwe soarte fan belskema makke foar minsken dy't net mear út 'e hûs komme om kontakt te ûnderhâlden. We besykje sa folle mooglike stipe te jaan oan minsken", sa seit Tamminga.

Douwe Tamminga

Trefwurden: 
tsjerke Garyp coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)