Ferrassing foar leararen yn Bitgummole: "Us mem is gjin learkrêft, ik wol nei jim ta"

Tekeningen, spandoeken, t-shirts en ballonnen: it stek foar de Brede Skoalle yn Bitgummole hong moandeitemoarn fol mei kadootsjes foar de masters en juffers. As betankje foar alle dosinten hiene de learlingen thús in kadootsje makke en dat oan it stek hongen. "We misse de juffen, dy jouwe better les as de heiten en memmen", sizze learlingen Hidde en Hendrik.
Kadootsjes foar masters en juffen yn Bitgummole
It inisjatyf is opset troch de âlden Douwina Hamstra en Piety Baarda. "De juffen en masters hienen op de ruten 'Lieve kinderen, wij missen jullie en blijf gezond' skreaun. Wy tochten dêr moatte we eins in antwurd op jaan. Doe binne we in appgroep begûn en dat is hiel grut wurden", seit Hamstra. "We misse se ek best wol. Wy dogge ús bêst, mar wy binne gjin leraren", seit se.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Op ien fan de spandoeken stiet bygelyks: 'Us mem is gjin learkrêft, ik wol wer nei jim ta'. Neist de spandoeken hingje ek t-shirts mei teksten. "Op in wyt t-shirt leuke en fleurige teksten falt natuerlik it meast op", seit Baarda.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Hidde en Hendrik wolle sa gau as mooglik wer nei skoalle, want thús les krije befalt noch net hiel goed. "Ik wurd der gek fan. Je moatte hieltyd belje. It is hiel oars as op skoalle. Foardiel is wol dat je earder klear binne, mar ik gean leaver nei skoalle. Dêr krije we bettere útlis", seit ien fan de bern.

Emosjoneel

Juf Annetta Tjepkema is der emosjoneel fan. "Dit is natuerlik geweldich. Je komme op it plein en je sjogge al dy bern dy't wat makke ha. Dat docht my hiel goed, want we misse de bern gewoan hiel bot. Dan sjogge je dy bern by it stek stean te swaaien. Dat is gewoan geweldich", seit Tjepkema.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman sjocht by de skoalle yn Bitgummole