Gertjan Verbeek mei frou en dochter werom út Australië

06 apr 2020 - 14:58

Gertjan Verbeek giet werom nei Fryslân. De âld-trainer fan ûnder mear SC Hearrenfean, op dit stuit trainer fan it Australyske Adelaide United, fljocht woansdei werom mei frou Sabine út Bûtenpost en dochter Sinne (2).

Gertjan Verbeek - Foto: Omrop Fryslân

Op dit stuit leit de fuotbalkompetysje yn Australië stil yn ferbân mei it coronafirus. Ek wurde spilers en trainers net betelle. Mar dat Verbeek en it gesin werom nei Nederlân fleane hat neffens him mear te krijen mei ûndúdlikheid oer it iepenbliuwen fan de grinzen.

"Ik vertrek met mijn gezin, omdat er zorgen zijn over een lockdown. Niet alleen hier in Australie, maar ook in Nederland", seit Verbeek op de webside fan Adelaide United. "Door de onzekerheid over de competitie en sluiting van grenzen, voelt het als de juiste keuze om nu terug naar huis te gaan."

As de kompetysje wer begjint, sil Verbeek werom nei Australië. Hy hat noch in kontrakt by de klup. Dat jildt ek foar syn rjochterhân, Gerald Sibon. Oer him hat Adelaide United neat bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)