Biblioteken yn Noard-Fryslân komme mei ôfhelservice

06 apr 2020 - 14:55

De biblioteken yn Noard-Fryslân komme mei in ôfhelservice. Minsken kinne in oanfraachformulier ynfolje dêr't se fiif titels op sette kinne. Dy kinne se allinne bestelle by har eigen biblioteek. Minsken krije in telefoantsje as de boeken klear steane.

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Se krije dan in tiid trochjûn wêrop't de boeken ophelle wurde kinne yn de hal fan de biblioteek. De rest fan de byb is ticht.

Neffens de biblioteekorganisaasje is de wurkwize toetst troch it RIVM.

(advertinsje)
(advertinsje)