Ljouwerter festivals hâlde hoop foar de simmer

Ek al wurdt der op it stuit efkes gjin kaart ferkocht fanwege de coronakrisis, dochs gean festivals as Welcome to the Village en Psy Fi der gewoan fan út dat harren festivals trochgean kinne dizze simmer. Mojo, de grutste konsertorganisaasje fan ús lân, hat grutte soargen oer de festivals yn de simmer. De organisaasje is benaud dat ek nei 1 juny der in grutte kâns is dat grutte eveneminten net troch gean kinne.
Ljouwerter Festivals yn wachtstân
Yn Fryslân bliuwe de festivalorganisatoaren lykwols hoopfol. "Iedereen is op dit moment zo geïsoleerd. En je merkt nu aan alle kanten dat iedereen graag samen wil komen. Ik zie het al helemaal voor me dat iedereen tijdens het festival samenkomt op een mooie zomerse dag bij de Groene Ster", blikt Ruben Bosch, direkteur fan festival Welcome to the Village, alfêst foarút. Boppedat ferwachtet hy dat in soad minsken net fier op fakânsje gean sille, wat wer ekstra kânsen biedt foar it festival dat middenyn de simmerfakânsje plakfynt.
Ruben Bosch fan Welcome to the Village
Ek Psy Fi hâldt rekken mei dit positive senario. De organisaasje giet gewoan troch mei de tariedings, al wurdt der wol rekken hâlden mei oare senario's, sa lit Wiebe Kootstra fan Psy Fi witte. "It kin wêze dat minsken foarsichtich bliuwe en dat we in lytse fariant fan it festival hâlde. Of dat de oerheid seit dat it net kin. Of dat we it sels net ferantwurde fine om sa folle minsken út safolle ferskate lannen by elkoar te bringen."
Wiebe Kootstra fan Psy Fi
It bliuwt kofjegrom sjen. Bosch hopet yn de wike fan 21 april mear dúdlikheid te krijen, as de oerheid wer mei nije ynformaasje komt oer de maatregels. Der binne op dit stuit noch gjin akts en artysten ôfsein. Wol wurdt it op oare flakken spannend foar Psy Fi. "It dekôr fan ús mainstage wurdt makke yn Súd-Afrika en dêr is in totale lock down. It is de fraach hoe't dat komt."