Boargemaster Oosterman oer stekpartij Easterwâlde: "Rêst bewarje"

06 apr 2020 - 13:06

"Litte we kalm bliuwe." Dat seit boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf nei oanlieding fan de deadlike stekpartij ôfrûne sneon yn Easterwâlde. Moandeitemoarn waard in 33-jierrige Ljouwerter oanhâlden as fertochte. De man melde himsels by it plysjeburo. Neffens boargemaster Oosterman giet it om in ynsidint yn de Molukse mienskip.

"It is in drama foar de famylje, ek yn de mienskip komt it hurd oan", seit Oosterman. De fertochte en it slachtoffer komme net út Easterwâlde. "Mar it leit gefoelich yn de mienskip. We hâlde dat yn de gaten, ûnder oaren fia sosjale media. En we ha kontakt mei de mienskip."

Soargen oer eskalaasje hat Oosterman net. "Der binnen gjin sinjalen om ús soargen oer te meitsjen." Wol ropt hy eltsenien op de rêst te bewarjen.

By it stekynsidint ôfrûne sneon kaam in 44-jierrige man út Bovensmilde yn Drinte om it libben. It slachtoffer waard swierferwûne oantroffen by in tankstasjon. Hy wie der slim oan ta en ferstoar ûnderweis nei it sikehûs.

Boargemaster Harry Oosterman oer de stekpartij

(advertinsje)
(advertinsje)