IIsfabryk De Jong's IJs sjocht winst fuortranen: "Mar we kinne wol in tik ha"

Folop sinne, simmerske temperatueren en hast gjin wyn. Gewoanwei soe it ôfrûne wykein de perfekte start wêze foar it nije seizoen foar iisfabryk De Jong's IJs fan Romke de Jong. Festivals, brulloften en op it strân: de iiskokarren fan De Jong binne oeral te finen. Mar fanwege de coronamaatregels steane de karren op dit stuit noch achter slot en skoattel. Dit soe in katastrofe foar it bedriuw wêze kinne, mar gelokkich hawwe se noch in twadde tak.
IJsfabriek de Jong ziet winst wegsmelten
By De Jong's IJs op De Gordyk meitsje se iis foar supermerken yn hiel Europa. En mei de ferkeap hjirfan giet it geweldich goed. De Jong hat mei in soad klanten kontakt hân en harren frege om de levering fan it iis nei foaren te heljen en dat is goed slagge. Se sitte oant heal july folboekt. Op de produksje-ôfdieling wurkje se seis dagen yn de wike yn twa ploegen fan fjouwer of fiif man. Yn it fabryk kin goed neffens de coronamaatregels wurke wurde. Se wurkje dêr sels 3,5 meter útinoar.
IIsfabryk De Jong's IJs © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Dizze tanimming yn produksje makket it finansjeel ferlies fan de festivals lykwols net hielendal goed. De marzjes op iis dat ferkocht wurdt oan supermerken is folle leger as op it iis dat troch iiskokarren ferkocht wurdt. Dochs is De Jong in tefreden man, hy kin syn wurknimmers oan it wurk hâlde en se sille dit jier wol oerlibje. "We bestean al mear as 70 jier, dus we kinne wol in tik ha", seit De Jong.

Eventmanagers pakke yn

Wol moatte minsken somtiden oar wurk dwaan as wat se oars dogge. Sa moatte eventmanagers no ek ynpakke. Mar elkenien set de skouders der ûnder. Solidariteit is de basis yn it bedriuw. En dat jildt net allinnich foar de eigen wurknimmers. Ek sjauffeurs dy't oeral wei nei it fabryk komme, hawwe in spesjale eigen romte krigen, dêr't se nei it húske kinne of in kopke kofje pakke kinne.
Romke de Jong fan it iisfabryk