Ferhuzing Sybrandy's Speelpark úteinsetten

06 apr 2020 - 12:49

By it ferhûzjen fan Sybrandy's Speelpark komt noch hiel wat sjen. In grutte kraan tilde de glydbaan moandeitemoarn nei it nije plak oan de Iselmar. Undernimmer Sjerp Jaarsma hopet iepen te kinnen wannear't de coronamaatregels wer foarby binne.

Nei 55 jier foel yn 2019 it doek foar it park, mar noch foar de offisjele sluting wie der al in rêdingsplan opsetten om it goedkeapste attraksjepark fan Nederlân dochs iepen te hâlden. Jaarsma, eigener fan strânpaviljoen de Hege Gerzen, ferhûzet alle attraksjes en jout Sybrandy's in twadde libben oan de Iselmar.

"Dit is de earste dei fan de ferhuzing", seit de ûndernimmer. "We begjinne mei de glydbaan. In part dêrfan giet nei de Hege Gerzen, it oare part earst nei in stielbedriuw."

'Wy kinne trochwurkje'

It park liket al hielendal stript, mar dat is net sa. "Der is ôfrûne winter al in soad guod fuorthelle, mar de attraksjes stean der allegearre noch." Jaarsma en syn minsken hâlde harren oan de maatregels tsjin it coronafirus. "We kinne trochwurkje, mar hâlde bygelyks wol ôfstân."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It park soe oan de Iselmar eins dizze moanne iepengean, mar Wetterskip Fryslân hie soargen oer de wetterstân. Jaarsma seit dat dit yntusken ûndersocht is en dat it mei de wetterstân oant 2070 wol goed sit. Hy hopet iepen te gean wannear't de coronakrisis efter de rêch is.

Undernimmer Sjerp Jaarsma oer de ferhuzing fan Sybrandy's Speelpark

(advertinsje)
(advertinsje)