D66, FNP, BAS en GrienLinks wolle oplossing foar fertutearze fabryk op De Gordyk

De partijen D66, FNP, BAS en GrienLinks-Opsterlanders yn de gemeente Opsterlân wolle in oplossing foar de fertutearze koperslaggerij oan de Stationswei op De Gordyk. Dat skriuwe de fraksjefoarsitters yn in brief. Troch it omkappen fan beammen is it âld fabryk út 1925 wer sichtber wurden.
© Elske Beintema
Der hat him yntusken ien meld dy't it perseel graach keapje wol om it pân op te knappen ta in wenning. De gemeente Opsterlân sjocht lykwols neat yn dit plan. Dit yn ferbân mei boaiemfersmoarging en lûdsnoarmen dy't de gemeente fêststeld hat. De gemeente soe neffens de brieveskriuwers ek bang wêze foar beswieren fan omwenners.
De fjouwer partijen ha omwenners frege en dy soenen allegear gjin beswier ha tsjin it plan fan de potinsjele keaper. De fraksjes begripe dan ek net dat it plan net trochgean kin. Neffens de fraksjes soe it opknappe fan it gebou goed wêze foar it histoaryske en toeristyske karakter fan De Gordyk.