Op 'e nij twa minsken yn Fryslân ferstoarn oan coronafirus

06 apr 2020 - 12:34

Yn Fryslân binne op 'e nij twa minsken ferstoarn oan it coronafirus. Dat makke Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân moandei bekend. It giet om in man fan boppe de santich jier en in frou fan boppe de njoggentich, dy't beide yn de kwetsbere doelgroep falle. Dêrmei komt it totaal oantal minsken dat yn Fryslân ferstoar oan corona no út op 23.

Ek it tal besmettingen rûn op. Der kamen alve nije coronapasjinten by. Yn totaal binne no 217 minsken yn Fryslân posityf test op it coronafirus. Dizze lytste stiging soarget foar tefredenheid by de GGD. De Graaf: "Je ziet hoe heel Nederland en vooral ook in Fryslân hoe goed mensen zich aan de maatregelen houden. De regels van de overheid worden zo goed nageleefd, dat we zien dat het effect heeft. Er komen nog steeds besmettingen en sterfgevallen bij, maar minder snel dan voorheen. Ik verwacht dat - als het zich zo doorzet - wij een veel lagere piek hebben en dat ons zorgstelsel het aankan."

Grutskalich testen fan soarchmeiwurkers

Om it tal nije besmettingen noch better yn de gaten hâlde te kinnen, hat de GGD in tal gruttere testlokaasjes opsetten. De Graaf: "We hebben over heel Nederland afgesproken om deze opschaling in etappes uit te voeren. Wij rekenen in Fryslân op honderd extra mensen per dag. We mikken op 130 testen per dag. Daarom zijn we ook naar een andere testlocatie gegaan, waar we kunnen opschalen naar maximaal 150 testen per dag."

Moai waar

It moaie waar soarget der foar dat in soad minsken nettsjinsteande de maatregels dochs nei bûten gean. Dat is net ferbean, jout De Graaf oan. Mar wês wach op besmetting, warskôget se. "Natuurlijk loop je altijd risico buiten, maar je ziet dat mensen zich hier van bewust zijn. We houden afstand van anderen, zodat de contacten binnen twee meter heel erg beperkt worden. Zoek niet de drukke plekken op", seit se noch mar ris. "Ook op je balkon en in je tuin kun je genieten van het mooie weer."

Margreet de Graaf fan de GGD

(advertinsje)
(advertinsje)