Hast 5000 kante meter oan bijegreides yn Fryslân

06 apr 2020 - 11:44

Fryslân krijt der dizze maitiid hast fiiftûzen kante meter nije bijegreides by. Lânskipsbehear Fryslân sieddet mei help fan tsientallen frijwilligers de kommende tiid seis kilo blomsied op tsien lokaasjes.

Steenhommel - Foto: Chiel Jacobusse

In pear wike lyn hie it al sillen op de spesjale Bijewurkdei, mar dy gie oer fanwege de coronakrisis. En it lân wie doe troch de rein yn febrewaris ek noch te wiet.

Mear as de helte fan alle 358 soarten bijen yn Nederlân wurdt neffens Lânskipsbehear Fryslân mei útstjerren bedrige. Te min iten is in grut gefaar. Doel fan de aksje is dan ek om te soargjen foar nije itenslokaasjes foar de bijen. Dy binne wichtich foar ús eigen itensfoarsjenning en foar de natuer.

Op 18 en 19 april kinnen minsken meidwaan oan de nasjonale bijetelling. De risseltaten fan dy telling wurde opslein en sa kin folge wurde hoe't it tal bijen feroaret. Eltsenien kin fia in spesjale webside meidwaan oan de telling.

(advertinsje)
(advertinsje)