Twa Fryske saken yn Opsporing Verzocht

06 apr 2020 - 11:40

It tv-programma Opsporing Verzocht jout tiisdei omtinken oan twa Fryske saken. It giet om it ûndersyk nei de dea fan Karin Grijpstra en de oerfal op in frou fan 93 yn Drachten, ein oktober.

De sleatswâl oan De Wier op it plak dêr't de frou fûn waard - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De man en de dochters fan Karin Grijpstra sille yn de útstjoering fertelle oer harren frou en mem en de lêste dei dat se har sjoen hawwe. De plysje freget minsken om mei te tinken oer dizze saak om de wierheid boppe tafel te krijen. Op sneintemoarn 23 febrewaris waard Grijpstra dea fûn yn it wetter by har hûs.

Ek is der yn it tv-programma omtinken foar de oerfal op in frou fan 93 yn Drachten, ein oktober. De oerfallers mishannelen de frou naaiden út mei kostber guod. Ien fan de dieders sit al fêst, mar út ûndersyk hat bliken dien dat er mooglik twa kompanen hân hat.

De útstjoering is tiisdeitejûn op NPO1 te sjen en begjint om healwei njoggenen.

(advertinsje)
(advertinsje)