CJIB minder strang by beteljen boetes

It CJIB (Centraal Justitieel Incassobureau) is de kommende tiid minder strang foar minsken dy't troch de gefolgen fan de coronakrisis in boete net op tiid betelje kinne.
CJIB, Ljouwert © Google Maps
De oerheidsorganisaasje, mei it haadkantoar yn Ljouwert, freget doarwarders om guod fan minsken minder gau yn te foarderjen. Yn stee dêrfan moatte sy oanstjoere op in betelregeling.
De boete ferdwynt net, dy moat wol betelle wurde. Mar wa't neffens it CJIB troch de coronakrisis te meitsjen hat mei minder ynkomsten krijt wat langer de tiid om te beteljen.
It beslút hat alles te krijen mei de winsk fan it regear om foar te kommen dat kwetsbere minsken yn grutte finansjele problemen komme troch de coronakrisis.