Wout Zijlstra smyt de handoek yn de ring

Wout Zijlstra, de Sterkste man fan Fryslân, slút de doarren fan syn sportskoalle. Dat makke er bekend op syn Facebookpagina. Fanwege it coronafirus hie Zijlstra de doarren al ticht dien, mar no hat er it beslút naam om ek nei 1 juny ticht te bliuwen.
Wout Zijlstra smyt de hândoek yn de ring
"Ik hie no de tiid om der oer nei te tinken en wat op te romjen. Ik wie troch de wike al ticht", seit Zijlstra. "De jonges dy't mei my trainden wienen al op syk nei in oar plak."
Njonken de sportskoalle joech Zijlstra ek saneamde 'strongman trainingen' en trainingen foar Highland Games-ûnderdielen yn in stik greide njonken syn hûs. Ek hjir hâldt er mei op. It materiaal komt te keap, lit Zijlstra witte.

Sels trochtraine

Zijlstra sil lykwols ek wat materiaal hâlde, want hy wol sels noch wol yn foarm bliuwe. Wat er mei it oare diel fan de sportskoalle dwaan sil, is noch net hielendal wis. "In stik fan de sportskoalle komt by de húskeamer. En ik moat noch efkes sjen of it oare diel in húske of in bed en breakfast wurdt. Dat woe ik altyd al", seit Zijlstra.
Zijlstra hoecht him foarearst dus noch net te ferfelen. "En ik bin ek noch karmaster by de NVWA", seit Zijlstra. "Ik ha fan 'e moarn noch fisk keurd. Ik ha it der noch drok mei. Elkenien wol noch wol in fiskje of kibbeling. It lekkere iten moat gewoan trochgean."
Wout Zijlstra
© Facebook Wout Zijlstra