Wethâlder Offinga docht oprop oan grutte ferhierders: "Stypje lytse ûndernimmers"

06 apr 2020 - 09:02

'Het blijft angstvallig stil bij de vastgoedeigenaren die met het schrappen van huren heel veel kunnen betekenen.' Dit berjocht twittere wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân snein. Hy fynt dat de detailhannel yn dizze coronakrisis frijsteld wurde moat fan it beteljen fan de hier. "De oerheid docht in hiel soad en stipet ûndernimmers mei steunpakketten. Dat dogge wy ek as gemeente. Mar it bliuwt opmerklik stil by 'vastgoedeigenaren'."

Foto: ANP Foto

"Lytse bedriuwen moatte elke moanne de hier betelje, mar ha gjin euro oan ynkomsten. Dan leit dat hiel swier", fernimt de wethâlder út petearen mei ûndernimmers yn de gemeente. "It soe in fantastysk sinjaal wêze as ferhierders bygelyks in healjier gjin hier freegje soenen. Dat soe de detailhannel en de hoareka geweldich stypje."

Mear as in oprop kin Offinga lykwols net dwaan. "Elkenien set de skouders der ûnder, dat meie wy ek freegje fan fêstgoed-eigeners. Dit soart grutte bedriuwen hat faak genôch fleis op de bonken, dus dat kin wol wat lije", tinkt Offinga. "Alle stipe is wichtich foar de detailhannel en oare bedriuwen."

Wethâlder Maarten Offinga

(advertinsje)
(advertinsje)