Ambulânsehelikopter Waadeilannen ynset foar ferfier IC-pasjinten

06 apr 2020 - 08:52

De ambulânsehelikopter dy't gewoanwei ynset wurdt foar de Waadeilannen wurdt mei yngong fan moandei ôf ynset foar it ferfier fan intensive care-pasjinten. It gewoane pasjinteferfier foar de minsken op de eilannen rint gjin gefaar, seit Victor Verrijp fan RAV Fryslân.

Foto: Regionale Ambulancevoorziening Fryslân

De opdracht om de ambulânsehelikopter yn te setten foar ferfier fan coronapasjinten komt fan it ministearje fan VWS. Snein is de helikopter út de reguliere tsjinsten helle en beskikber steld oan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding.

It bestjoer fan RAV Fryslân, de organisaasje dy't ferantwurdlik is foar alle ambulânsesoarch yn de provinsje, begrypt neffens Verrijp dat de prioriteit yn dizze tiid giet nei it ferpleatsen fan IC-pasjinten. "Maar we moesten wel even nadenken hoe we zorg voor de mensen op de Waddeneilanden konden borgen. Dat is gelukt."

KNRM

Ferskate helikopters wurde brûkt; dy yn Eelde en Amsterdam (as back-up) binne no ek beskikber foar it gewoane pasjinteferfier. Dêrneist binne der ôfspraken mei boatferferdiers en KNRM om pasjinten fan de eilannen nei de wâl te farren.

De ambulânsehelikopter dy't brûkt wurdt foar it ferfier fan coronapasjinten nei in IC stiet no op de fleanbasis yn Ljouwert. Neffens Verrijp is der yn ferbân mei it coronafirus goed tocht om de feiligens fan de bemanning. Sa is der genôch ôfstân nei de pasjint oan board.

Victor Verrijp van RAV Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)