BFVW: "Us neisoargers gean gewoan it lân yn"

06 apr 2020 - 08:40

As der ien is dy't gjin lêst hat fan de coronakrisis, dan is it wol de natoer. Sterker noch: de natoer giet gewoan syn gong. En dat jildt ek foar de greidefûgels, dy't op dit stuit drok dwaande binne mei it útbrieden fan harren aaien. Mar hoe komt it mei de neisoargers? Kinne dy yn dizze coronatiid wol op paad? "Soks moat gewoan trochgean", seit Frans Kloosterman, foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat sa'n 3000 neisoargers, dy't ek mei de coronakrisis gewoan it lân yn gean. Kloosterman: "Guon rinne allinnich, mar der binne ek twatallen. Dy rinne no wat fierder út elkoar. Mar it giet wol gewoan troch. Se ha fia de telefoan kontakt mei de boer om te oerlizzen wannear't se it lân yn kinne."

Corona of gjin corona: de neisoarch giet dus gewoan troch. "Dat moat ek wol", fynt Kloosterman. "Wy hâlde al jierren de greidefûgelstân by op basis fan sifers fan ús neisoargers. Dy sifers wurde trochjûn oan sawol de boer as de provinsje. Op basis dêrfan kinne wy sjen hoe't it mei de fûgelsoarten giet." En dat is net altyd posityf nijs, wit ek Kloosterman.

Foto: Vogelbescherming Nederland

"Mei de skries en de ljip giet it hiel min. We ha ferlet fan wietichheid en biodiversiteit yn blommen en krûden. Wy binne der achter kaam dat in hiel soad piken te min fretten krije. Dat hat te krijen mei de drûchte fan de grûn. As de boer in stik lân omploeget dan sit it fretten hieltyd djipper. Fûgels kinne dêr net mear by."

Om der foar te soargjen dat der mear ferskaat oan blommen en krûden op it lân komt, hâldt it Bûn foar Fryske Fûgelwachten ek dit jier wer in kampanje, dêr't se fergees in krûderyk mingsel fan sied útdiele.

Frans Kloosterman fan BFVW

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

In twadde opsje om de greidefûgelstân te ferbetterjen, is troch it lân wieter te meitsjen en it wetterpeil te ferheegjen. Dat wurdt bygelyks dien op It Heidenskip, dêr't plasdras-gebieten binne. "De fûgels binne hjir hiel graach", wit Kloosterman. "Dit is in geweldige briedkeamer. Der binne folle mear wjirmen en ynsekten. De pykjes dy't hjir grut wurde, binne folle sterker. Elke boer moat in plasdras ha, fyn ik."

Om dat te realisearjen binne der subsydzjes om it nedige materiaal oan te skaffen. Ek jout it BFVW advys op maat, wit Kloosterman. "Wy tinke allegear: wy ha ommers krekt in hiel wiete tiid hân, mar it lân is al hartstikke drûch. De need foar de fûgels is op dit stuit hiel heech."

Ek mei oare kampanjes wol it BFVW der foar soargje dat jonge piken feilich grut wurde kinne, lykas de kampanje 'Kuikens in het land, poes in de mand'.

Johanna Brinkman giet it lân yn

(advertinsje)
(advertinsje)