Fertochte deadlike stekpartij Easterwâlde meldt himsels by de plysje

06 apr 2020 - 08:31

De fertochte fan de deadlike stekpartij ôfrûne sneon yn Easterwâlde, is moandeitemoarn oanhâlden. Hy hat himsels by de plysje melden. It giet om in 33-jierrige man út Ljouwert.

Foto: De Vries Media

By it stekynsidint ôfrûne sneon kaam in 44-jierrige man út Bovensmilde yn Drinte om it libben. It slachtoffer waard swierferwûne oantroffen by in tankstasjon. Hy wie der slim oan ta en ferstoar ûnderweis nei it sikehûs.

Relasjonele sfear

De plysje hâldt der rekken mei dat de oanlieding foar it ynsidint yn de relasjonele sfear leit.

Trefwurden: 
Easterwâlde stekpartij
(advertinsje)
(advertinsje)