Auto rekket efterút yn 'e sleat by Rie

06 apr 2020 - 07:00

Op de Dongjumerwei by Rie is moandeitemoarn betiid in auto yn 'e sleat bedarre. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend. It wie in iensidich ûngelok.

Foto: CAMJO Media

De brânwacht hat de bestjoerder út de auto helle. Meiwurkers fan de ambulânse hawwe de persoan kontrolearre. Oft dy ferwûne rekke is by it ûngelok, is net dúdlik.

Trefwurden: 
auto Rie sleat
(advertinsje)
(advertinsje)