Liveblog
|
6 april 2020
Coronanijs moandei 6 april: Op 'e nij twa stjergefallen yn Fryslân - tal ferstoarne pasjinten is 23
Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 7 april 2020, 23:13
moandei 6 april 2020
22:50
Ein fan dit liveblog
We slute dit liveblog foar dizze moandei. Tank foar it folgjen.
Ek tiisdei melde we nijs oangeande it coronafirus yn in nij liveblog.
21:57
Gearkomste yn corona-opstelling
21:20
Gebieten ticht mei peaske foar motor en fyts
Kommend peaskewykein wurde guon toeristyske gebieten en lytse dykjes ôfset foar motorriders en hurdfytsklups. Dat melde de Veiligheidsregio's. Kuierders ha dan de romte.
21:03
IFKS en SKS ha it dreech: kin it skûtsjesilen trochgean?
De IFKS makket uterlik op 2 juny bekend oft it skûtsjesilen dizze simmer trochgiet. As de oerheid foar dy tiid dat eveneminten yn augustus net trochgean meie, sille se earder melde dat de silerij ek oergiet. Datselde jildt ek foar de SKS.
De IFKS is fan 1-8 aug, de SKS begjint 18 july.
20:35
En wat docht Epke om de tiid troch te kommen?
19:14
Spesjale koekjes
18:18
Mear stjergefallen yn ferpleechhuzen
It tal stjergefallen yn ferpleechhuzen soe flink heger lizze kinne as no blykt. Dat seit Verenso, de feriening foar spesjalisten âlderegenêskunde, op basis fan sifers út elektroanyske pasjintedossiers.
Net yn alle gefallen is besmetting mei corona offisjeel fêststeld. It RIVM seit ek dat it werklike tal deaden heger is om't net elk test wurdt.
17:53
Skoalle mist learlingen...
17:50
Yn hast oardel wike 102 meldingen fan corona-oerlêst yn Ljouwert op meldpunt
Yn hast oardel wike tiid binne der al 102 meldingen dien op it 'Meldpunt Overlast' fan de gemeente Ljouwert foar corona-oertrêdingen. Op dit meldpunt kinne minsken it by de gemeente dellizze as sy sjogge dat oare minsken harren net oan de regels hâlde.
Dan giet it bygelyks om it byinoar kommen yn groepen en it net hâlden oan de 1,5 meter ôfstân.
17:43
Tips foar thúswurkers: tink goed om de hâlding
In mûsearm, in tennisearmtakke of lêst fan de nekke en de rêch: no't hieltyd mear minsken thúswurkje, groeit ek it tal klachten by de Arbo-dokter. Op de bank of oan de keukentafel wurkje, blykt net goed te wêzen foar ús fysike kondysje. Health2Work yn Surhústerfean jout elkenien dy't thúswurket in oantal tips.
17:13
Veiligheidsregio oer de sifers fan hjoed
16:50
Corona hâldt Garyp yn 'e besnijing: "We besykje safolle mooglik stipe te jaan"
It coronafirus docht ek in oanslach op de doarpsmienskip fan Garyp. Mear as tsien minsken ha har yntusken meld mei sykteferskynsels. By twa minsken soe it firus fêststeld wêze, fan wa't in 70-jierrige ynwenner fan Garyp koartlyn opnommen wurde moast yn it MCL-sikehûs yn Ljouwert.
16:46
Verbeek werom nei Fryslân
Gertjan Verbeek giet werom nei Fryslân. De âld-trainer fan ûnder mear SC Hearrenfean, op dit stuit trainer fan it Australyske Adelaide United, fljocht woansdei werom mei frou Sabine út Bûtenpost en dochter Sinne (2).
16:44
Ferrassing foar leararen yn Bitgummole: "Us mem is gjin learkrêft, ik wol nei jim ta"
Tekeningen, spandoeken, t-shirts en ballonnen: it stek foar de Brede Skoalle yn Bitgummole hong moandeitemoarn fol mei kadootsjes foar de masters en juffers. As betankje foar alle dosinten hiene de learlingen thús in kadootsje makke en dat oan it stek hongen. "We misse de juffen, dy jouwe better les as de heiten en memmen", sizze learlingen Hidde en Hendri.
16:43
Aaipop giet online troch
Aaipop soe kommende peaskemoandei foar de 33e kear plakfine, mar it sil stil wêze yn Nijlân. Ek dat grutte Fryske festival giet net troch fanwegen it coronafirus. De organisaasje hat dêr wat op betocht: in online-edysje. Sa kinne sels mear bands en artysten meidwaan as gewoanwei. Eltsenien kin meidwaan, betingst is wol dat de muzyk yn it Frysk wêze moat.
16:37
Cambuur Verbindt
16:32
FNV: banen fan mear as 800.000 minsken mei flekskontrakt yn gefaar
De banen fan mear as 800.000 minsken mei in flekskontrakt binne yn gefaar troch de coronakrisis. Dat seit fakbûn FNV op basis fan in optelsom. Se krije dien troch wurkjouwers, wêrûnder útstjoerburo's.
16:27
Kening bellet mei IKC De Lemmer
Kening Willem-Alexander hat moandei belle mei direkteur Sietske de Jong fan IKC De Arke, op De Lemmer. Hast in jier lyn iepene de kening de lanlike Koningsspelen op dy skoalle. Hy frege nei de sitewaasje op skoalle no mei de coronakrisis en hoe't it mei de bern is.
16:01
RIVM hâldt 'vragenuurtje' spesjaal foar bern
15:56
ROAZ: minder pasjinten yn Fryske sikehûzen
It tal coronapasjinten dat yn Fryske sikehuzen leit is ôfnommen, dat hat it Regionaal Overleg Acute Zorg Noord-Nederland bekendmakke. Snein leine der noch 29 minsken op de intensive cares, op dit stuit binne dat der al twa minder.
Bûten de intensive cares lizze der 54 minsken yn de Fryske sikehuzen mei corona, snein wiene dat der noch 57.
15:43
Hast 27.000 bedriuwen freegje stipe by UWV
Hast 27.000 bedriuwen ha moandei in temjittekomming yn de leankosten frege, meldt it UWV. It loket gie om 9.00 oere iepen. Bedriuwen kinne stipe freegje foar omsetferlies troch de coronakrisis.
15:15
Griet Wiersma: "it is krekt of bin ik Máxima"
De Fryske sjongeres fermakket âlderen mei har muzyk, se giet by soarchsintra del om te sjongen foar de glêzen. "Dat is in feestje, dy âlde Fryske ferkses. Ik stean yn de tún en de minsken ha de ruten iepen. Minsken sjonge mei, de hannen omheech en krijst in tút troch it rút. Ferskes as Moai sûnder wjergea, it feintsje fan Menaam, it Bûthúsbankje. En dan roppe se: hast it hynder ek by dy? Ja, dat ha ik ek by my. Guon ha de nije cd al. Myn man is myn lûdsman en hy fljocht mei de mobile lûdsynstallaasje om it hûs hinne. It is hiel moai om te dwaan, minsken binne hiel entûsjast, it is krekt of bin ik Máxima."
Har mem (95) wennet yn Talma Hoeve yn Feanwâlden en mist ek it kontakt. Se belje wol alle dagen. Fia it balkon prate se dan. Griet hopet by har mem meikoarten ek te sjongen.
14:56
Ofhelservice by biblioteken yn Noard-Fryslân
De biblioteken yn Noard-Fryslân komme mei in ôfhelservice. Minsken kinne in oanfraachformulier ynfolje dêr't se fiif titels op sette kinne. Dy kinne se allinne bestelle by har eigen biblioteek. Minsken krije in telefoantsje as de boeken klear steane.
14:18
Besjoch hjir de kaart mei alle coronagefallen yn Fryslân
Besjoch op dizze kaart it oersjoch mei dêryn de sifers fan it tal Friezen dat opnommen is yn it sikehûs mei coronaferskynsels.
14:17
Minder stjergefallen yn Nederlân
De ôfrûne 24 oeren binne der 101 nije stjergefallen melden by it RIVM. Dat binne der minder as snein. Dêrmei komt it folsleine oantal minsken yn Nederlân dat ferstoarn is oan it coronafirus op 1867. Der waarden krekt wat mear minsken opnaam yn it sikehûs. Mei elkoar binne der no hast 19-tûzen befestige gefallen fan besmetting mei it coronafirus.
14:16
Ljouwerter festivals hâlde hoop foar dizze simmer
Ek al wurdt der op it stuit efkes gjin kaart ferkocht fanwege de coronakrisis, dochs gean festivals as Welcome to the Village en Psy Fi der gewoan fan út dat harren festivals trochgean kinne dizze simmer.
13:45
Eastenryk fersoepelet maatregels
Eastenryk is it earste lân dat syn coronamaatregels wat fersoepelje sil. Nei de Peaskedagen meie alle lytse winkels en parken wer iepen. As alles goed giet, meie ek gruttere winkels en kappers yn maaie harren doarren wer iepenje. Twa wike letter folgje dan mooglik hotels en restaurants.
13:41
11 miljoen euro oan stipe foar de fuotballerij
De KNVB jout tegearre mei haadsponsor ING finansjele stipe oan alle Nederlânske fuotbalklups. Al mei al giet it om in steunpakket fan mar leafst 11 miljoen euro, bedoeld om de finansjele konsekwinsjes foar sawol prof- as amateurklups in bytsje te beheinen.
12:00
Op 'e nij twa minsken ferstoarn oan corona
Yn Fryslân binne op 'e nij twa minsken ferstoarn oan it coronafirus. Dat makke Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân moandei bekend. It giet om in man fan boppe de sântich jier en in frou fan boppe de njoggentich, dy't beide yn de kwetsbere doelgroep falle. Dêrmei komt it totaal oantal minsken dat yn Fryslân ferstoar oan corona no út op 23. Ek it tal besmettingen rûn op. Der kamen alve nije coronapasjinten by. Yn totaal binne no 217 minsken yn Fryslân posityf test op it coronafirus.
10:38
CJIB minder strang
It CJIB (Centraal Justitieel Incassobureau) is de kommende tiid minder strang foar minsken dy't troch de gefolgen fan de coronakrisis in boete net op tiid in boete betelje kinne.
09:25
Wout Zijlstra slút definityf de doarren fan syn sportskoalle
Wout Zijlstra, de sterkste man fan Fryslân, slút definityf de doarren fan syn sportskoalle. Ek nei de coronakrisis bliuwe de doarren ticht, meldt er op syn Facebookpagina.
08:40
Neisoargers gewoan it lân yn
As der ien is dy't gjin lêst hat fan de coronakrisis, dan is it wol de natoer. Sterker noch: de natoer giet gewoan syn gang. En dat jildt ek foar de greidefûgels, dy't op dit stuit drok dwaande binne mei it útbrieden fan harren aaien. Mar hoe komt it mei de neisoargers? Kinne dy yn dizze coronatiid wol op paad? "Soks moat gewoan trochgean", seit Frans Kloosterman, foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.
07:40
Spesjaal ûnderwiis hat soargen oer nivo learlingen
"Als de scholen nog langer gesloten moeten blijven, weet ik niet wat dat betekent voor de kwaliteit van het onderwijs." Dat seit Lilian Schoonbrood, teamlieder by De Caleidoscoop, skoalle foar spesjaal ûnderwiis yn Ljouwert. "Er wordt thuis heel verschillend gewerkt. De ene leerling doet heel consequent z'n huiswerk en anderen iets minder. Dus je krijgt straks ook heel grote verschillen binnen de klas. We hopen van harte dat we na de meivakantie weer kunnen starten."
07:08
Festivals hâlde hoop
De Ljouwerter festivals Welcome to the Village en Psy-Fi hâlde hoop op it trochgean fan de festivals dizze simmer. Mojo, de grutste konsertorganisaasje fan ús lân, hat grutte soargen oer festivals. De organisaasje is benaud dat der ek nei 1 juny in grutte kâns is dat grutte eveneminten net troch gean kinne. It bliuwt lykwols ûndúdlik, mar dochs giet Psy-Fi op it stuit noch gewoan troch mei produsearjen, as oft it in edysje wurdt sa as alle jierren.
By Welcome to the Village wachtsje se alle ûntwikkelingen ôf, mar se hawwe der noch wol alle fertrouwen yn. Der hat ek noch gjin inkelde band annulearre.
06:25
Fan hjoed ôf mear tests
De GGD Fryslân en de 24 oare GGD'en yn Nederlân sette hjoed útein mei it grutskalich testen fan soarchmeiwurkers bûten de sikehuzen. Sy kinne test wurde as se wurkje mei pasjinten en coronaferskynsels ha. De GGD'en ha dêrfoar testfasiliteiten ynrjochte, ûnder oare yn Ljouwert op it terrein fan Izore.
06:05
Hjoed by Omrop Fryslân
Op de radio is fan 6.00 oere ôf omtinken foar de coronakrisis, te begjinnen mei it programma Fryslân fan 'e moarn. Dêryn praat presintator Hans Koster mei in teamlieder fan RENN4, dat spesjaal ûnderwiis fersoarget. Hoe giet dat yn dizze tiid? We ha it ek oer de ambulânsehelikopter, dy't gewoanwei ynset wurdt op de Waadeilannen. Dy wurdt fan moarn ôf brûkt foar coronaferfier. Wat betsjut dat foar de eilanners? Fierder giet de neisoarch foar greidefûgels yn dizze tiid troch, mar ek oars as oars. BFVW-foarsitter Frans Kloosterman leit út. En wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân docht in oprop oan de ferhierders fan winkelgebouwen.
Op telefyzje begjinne we om 9.00 oere mei de twadde wike fan Fryslân Fit. Om 17.00 oere is der in nije útstjoering fan Fryslân Hjoed.
06:00
Goeiemoarn!
Goeiemoarn en wolkom by dit liveblog fan moandei 6 april oer it coronafirus. Dit wie it wichtichste nijs fan snein:
It folsleine liveblog fan snein is hjir nei te lêzen