Ien fraach op Skylge: hoe is it firus hjir kaam?

05 apr 2020 - 21:27

De Fryske Waadeilannen wiene hiel lang noch 'skjin' op de Nederlânske coronakaart. Oant dit wykein, want doe waard de earste besmetting op Skylge fêststeld. It giet om in bewenner fan wensoarchsintrum De Stilen. Dy wie al in skoft ticht foar besite, dus dat smyt de fraach op: hoe is it firus dêr kaam?

Teamlieder Arieke Sieben fan De Stilen wit it net. "Toen op 19 maart werd aangekondigd dat alle verpleeghuizen op slot moesten, hebben wij dat met De Stilen direct opgevolgd", fertelt se. "In de weken daarvoor deden we al geen activiteiten meer, dus niet meer samen koffie drinken. Bewoners zaten zoveel mogelijk alleen op hun kamer."

Riedsel

Der kamen dus gjin nije minsken nei De Stilen. "Sinds 19 maart komt hier helemaal niemand meer, behalve wij die hier werken", fertelt Sieben. "Het enige wat hier van buiten nog wel naar binnen kan komen, is wanner iemand overlijdt. Dan mag één iemand afscheid nemen en komt er een uitvaartondernemer binnen. Verder helemaal niemand."

Wa't it firus nei binnen brocht hat, bliuwt dus in riedsel. De persoan dy't no besmet is, siet op in ôfdieling fan 'kleinschalig wonen'. Dat binne twa keamers mei in gong dertusken. Yn de oare wenning wurde de maatregels oanskerpe. "Die gaan per direct in strikte isolatie", seit Sieben. "Er komt alleen nog personeel, die werken beschermd met mondkapjes en een pak."

In ons achterhoofd hielden we er wel rekening mee, maar toch schrik je heel erg.

Arieke Sieben

Hoewol't de eilannen noch lang coronafrij wiene, wie alles wol taret. "Gelukkig hebben we de draaiboeken klaarliggen. We hadden een bewoner met milde klachten. Die is toch getest, omdat coronapatiënten soms ook milde klachten hebben die niet thuis te brengen zijn. We hoopten op loos alarm, maar in ons achterhoofd hielden we er wel rekening mee. Toch schrik je heel erg, als het bericht komt."

Grillich

It giet op himsels net min mei de pasjint, mar Sieben doart dêr noch net bliid mei te wêzen. "De bewoner heeft milde klachten, dus het gaat naar omstandigheden goed. Maar het beeld van corona is heel grillig. Het kan zomaar veranderen, dus we kunnen ook niet zeggen hoe het zich verder gaat ontwikkelen."

Teamlieder Arieke Sieben fan De Stilen

(advertinsje)
(advertinsje)