Helptsjinsten en soarchpersoniel brûke Fryske doarskrukiepener tsjin corona

05 apr 2020 - 20:44

Untwerper Thys Metz fan Drachtsterkompenije hat in doarskrukiepener fan keunststof ûntwikkele dy't de fersprieding fan it coronafirus tsjingean moat. De iepener kin mei in 3D-printer makke wurde. Plysje, brânwacht en soarchmeiwurkers yn it hiele lân brûke 'm al.

Thys Metz ûntwikkele de doarskrukiepener:

It begûn allegearre mei in fraach fan de beppe fan Thys Metz. Sy wennet yn in fersoargingstehûs en doarde de doarskrukken en knopkes fan de lift net mear oan te reitsjen troch it coronafirus. Metz is ûntwerper en betocht der wat op: in doarskrukiepener. "Ik zocht online en kwam een bestaand ontwerp tegen. Die heb ik verbeterd en geprint."

De iepener is hiel maklik te meitsjen mei in 3D-printer. Yntusken binne der hûnderten printe en skonken oan ûnder oaren de plysje. Ek de brânwacht yn bygelyks Amsterdam en ferskate soarchynstellings brûke 'm al.

It is eins in hiel simpel foarwerp. "Het vergt heel weinig kennis van een 3D-printer, waardoor het makkelijk te printen is. Verder is hij compact, waardoor je hem heel makkelijk aan je sleutelbos kunt hangen." Metz hat der gjin patint op. "Het is open source, iedereen mag hem gebruiken, downloaden of aanpassen. Dit is eigen aan het 3D-printwereldje."

Thys Metz oer de doarskrukiepener

(advertinsje)
(advertinsje)