It wie op 5 april noch net earder sa waarm yn Ljouwert

05 apr 2020 - 18:18

It wie dizze snein 5 april 19,2 graden yn Ljouwert. Dat is in waarmterekôr. It wie de waarmste 5 april sûnt de waarnimmings begûnen. Hjirfoar wie 18,4 graden it rekôr foar Ljouwert op dizze dei.

Simmerwaarmte - Foto: Albert Thibaudier

Ek by de KNMI yn De Bilt wie der in waarmterekôr. Dêr waard it snein 19,6 graden. It âlde rekôr yn De Bilt wie fan 1957 mei 19,4 graden. "It siet der al oan te kommen", seit waarman Piet Paulusma. "It is in unike situaasje."

De kommende dagen bliuwt it waarm. "Moandei wer sa'n 18 of 19 graden, op guon plakken miskien wol 20. De rest fan de wike geane de temperatueren wat hinne en wer: earst 19, letter 15 of 16. Dat bliuwt heech foar de tiid fan it jier."

Ek drûch

Boppedat bliuwt it foar in grut part drûch, foarseit Paulusma: "Heechút in buike yn de nacht fan moandei op tiisdei, mar dy aktiviteit liket ek wat ôf te nimmen. De natuer kin wol in buike brûke, want it is frij drûch. Eins is it fantastysk waar, sa kinne we dochs noch in bytsje genietsje, ek al moatte we thús bliuwe."

Piet Paulusma oer it waarmterekôr

(advertinsje)
(advertinsje)