Ofslútdyk wer iepen nei wurk, oardel oere letter as pland

De Ofslútdyk is wer iepen. Dit wykein waard oan de dyk tusken Fryslân en Noard-Hollân wurke. Dat hie snein om 16.00 oere klear wêze moatten, mar it waard oardel oere letter. Dêrtroch stie der in skoft in file.
It wurk oan de dyk wie by de Stevinslûzen by Den Oever. Dêr waard de ûndergrûn fan de dyk ferstevige. Dêrmei wol Rykswettersteat foarkomme dat de dyk fersakket as der wurke wurdt oan twa nije gemalen.
De coronakrisis hie gjin ynfloed op it wurk dat dit wykein dien waard.
De Ofslútdyk wie krekt wat langer ticht as pland:
Ofslútdyk wer iepen nei wurk