Folsleine rêst yn de Rysterbosk; gjin problemen mei drokte

05 apr 2020 - 17:26

It liket derop dat minsken har ek snein oan de oprop hâlden ha om safolle mooglik yn eigen omjouwing te bliuwen. Natuermonuminten sjocht op ferskate plakken yn Fryslân dat it rêstiger is.

By de Rysterbosk by Riis steane mar in pear auto's op it parkearplak. Opsichter Jan Schram fan It Fryske Gea komt by syn rûntsje mar in pear minsken tsjin. "Ik rûn krekt by it 'ronddeel' del, dat is in knooppunt wêr't minsken acht kanten op kinne. Gewoanwei rinne hjir 400 oant 600 minsken del. En ik sjoch no gjinien."

Gjin boetes

As opsichter moat Schram yn de gaten hâlde oft minsken har wol oan de regels hâlde. "Gewoanwei let ik derop oft minsken wol op de paden bliuwe en oft se de hûn oan 'e line ha. Mar no sjoch ik ek oft der net te folle minsken byelkoar rinne."

Mar boetes útskriuwe, dat hoecht Schram snein net te dwaan. Mar in hantsjefol minsken binne in blokje om yn de Rysterbosk.

Foto: Omrop Fryslân

"By It Fryske Gea ha we ôfpraat dat we in sinjalearjende funksje ha. Ik sprek minsken oan, ik diel gjin boetes út as se net 1,5 meter ôfstân hâlde. Wol as se de hûn net oan 'e line ha."

Mei de gemeente De Fryske Marren hat It Fryske Gea ôfpraat se de hanthavening ynskeakelje as minsken har echt net oan de foarskriften fan it RIVM hâlde.

"Haast griezelig leeg"

Foar wa't snein wol te kuierjen oft te fytsen is, is it in nuvere situaasje, fynt ek in frou op de mountainbike. "Ik denk dat ik nu drie keer door dit hele bos ben gefietst en ik ben maar één familie tegengekomen. Haast griezelig leeg is het hier."

Dy famylje wennet yn Riis en is, nettsjinsteande de oprop fan it RIVM, dochs in blokje om. "Het is heerlijk weer, en het is rustig. En de mensen die we wel tegenkomen, houden goed afstand. Wij aan de ene kant van het pad, zij aan de andere kant van het pad."

Foto: Omrop Fryslân

Foar Jan Schram is it ek wat ûnwennich. Gewoanwei op in simmerske snein as dizze, rinne der wol hûnderten of tûzenen minsken troch de Rysterbosk. "It is krekt of bist hjir allinnich no. It is wol hiel moai foar de natoer. Ferline wike hiest bygelyks reeën midden op it paad. Tink dat de natoer der ek wol foardielen fan hat. Mar foar de minsken is it sneu dat se net fan de natoer genietsje kinne."

Ek by it Mirnzer Klif en Makkum wie it rêstich:

(advertinsje)
(advertinsje)