Pier fan Holwert ticht om drokte, boargemaster docht oprop: "Bliuw echt thús"

05 apr 2020 - 18:37

De plysje yn Noardeast-Fryslân hat snein de feardaam fan Holwert nei It Amelân ôfsletten foar al it ferkear. Der is in blokkade delset by de Grândyk om auto's en fytsers tsjin te hâlden.

Plysje hâldt it ferkear tsjin by Holwert:

Nettsjinsteande de rjochtlinen fan de oerheid om thús te bliuwen, waard it noch drok by de feardaam. De haven fan Lauwerseach is ek ôfsletten en ek by de Eeltsjemar tusken Readstjerk en Rinsumageast waard it drok.

Plysje slút de pier yn Holwert ôf - Foto: De Vries Media

Johannes Kramer en Klaas Agricola, de boargemasters fan Noardeast-Fryslân en Dantumadiel, rôpen har ynwenners op Twitter op om dochs echt thús te bliuwen. "Allinnich sa kinne we foarkomme dat it gebiet ôfsletten wurde moat."

(advertinsje)
(advertinsje)