Ambulânsehelikopter fan Waadeilannen wurdt no ynset foar IC-pasjinten mei corona

05 apr 2020 - 16:23

De ambulânsehelikopter dy't gewoanwei ynset wurdt foar de Waadeilannen wurdt mei yngong fan moandei ynset foar it ferfier fan intensive care-pasjinten. Snein wurdt de helikopter út de reguliere tsjinsten helle en beskikber steld oan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding.

Foto: Regionale Ambulancevoorziening Fryslân

It ministearje fan VWS hat dy opdracht jûn oan de Regionale Abmulancevoorziening (RAV) Fryslân. Dy organisaasje is ferantwurdlik foar alle ambulânsesoarch yn de provinsje.

It bestjoer fan RAV Fryslân begrypt dat de prioriteit yn dizze tiid giet nei it ferpleatsen fan IC-pasjinten. De reservehelikopter wurdt ek al in skoft ynset foar it ferfier fan IC-pasjinten tusken Nederlânske en soms Dútske sikehûzen.

Helikopter foar spoedtransport

Ferfier fan de eilannen nei de fêste wâl giet wurdt no yn prinsipe allegear fersoarge troch de KNRM. Spesjale ferfierders wurde ynset foar as der mooglike coronapasjinten binne. De traumahelikopter is beskikber foar spoedtransport. De ambulânseteams beslute mei de húsdokters en de Meldkeamer Noard-Nederlân oer de bêste ferfierswize foar in pasjint.

(advertinsje)
(advertinsje)