Certe makket him klear foar folle mear kapasiteit coronatests: "Het is bijna 24/7"

05 apr 2020 - 14:57

De kommende tiid moatte folle mear minsken test wurde op it coronafirus. Medysk laboratoarium Certe docht yn it Noarden in grut tal fan dy tests en hat it smoardrok, seit bestjoerder Harjan van Dam: "Het is bijna 24/7."

It haadkantoar fan Certe - Foto: Google Maps

Foaral op de ôfdielingen molekulêre diagnostyk, ferantwurdlik foar it testen op it coronafirus, wurdt hurd wurke, fertelt Van Dam. "Daar is het bijna 24/7, zeven dagen in de week. Er zijn nu ploegendiensten, bij andere afdelingen is het een stuk minder. Dat is een hele rare dynamiek."

Yn stapkes

Certe is al in skoft dwaande om de testkapasiteit te fergrutsjen. "Het is nooit zo dat je het vandaag besluit en dat het morgen zover is", seit Van Dam. "Je moet apparatuur, mensen en de voorraden gereedmaken. Dat zijn we de afgelopen weken in stapjes aan het doen."

Ynkoarten moat der allinnich by Certe al alle dagen in kapasiteit fan sa'n 1.000 tests wêze, in grut ferskil mei earder: "We hadden een paar weken gelden in heel Nederland 2.000", aldus Van Dam.

Harjan van Dam fan Certe oer de fergrutting fan de teskapasiteit

(advertinsje)
(advertinsje)