Plysje jout seistal 390 euro boete foar hâlden feestje

De plysje hat sneintemoarn in feestje stillein yn Ljouwert. Aginten krigen om 7.30 oere hinne in melding fan lûdsoerlêst yn de Albert Schweitzerstrijtte. Yn in wente troffen se seis persoanen oan dy't gjin famylje fan elkoar wiene. Sûnt foarige wike jildt de regel dat je net mei mear as twa persoanen gearkomme meie as je gjin húshâlding binne.
De plysje makke in ein oan it feestje en it seistal waard fuortstjoerd. Alle seis krigen se in boete fan 390 euro oplein foar it net yn acht nimmen fan de 1,5 meter ôfstân dêr't elkenien him no oan hâlde moat.