GGD: Wer twa minsken ferstoarn oan corona; 14 nije besmettingen

05 apr 2020 - 12:03

Der binne de ôfrûne 24 oeren twa coronastjergefallen registrearre. Dat meldt GGD Fryslân. Dêrmei stiet it oanal deadlike slachtoffers op 21. Der binne 14 nije besmettingen fêststeld. Dat is seis minder as sneon, doe melde de GGD tweintich nije besmettingen. Yn totaal lizze der 97 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen, sawol op de Intensive Care as dêrbûten.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Sneon waard foar it earst in persoan op Skylge posityf test. GGD Fryslân fiert, yn guon gefallen mei de belutsen ynstânsjes, kontaktûndersyk út. Hoewol't it testbelied en mear beskikbere testmiddels mei yngong fan 6 april talitte dat der mear minsken test wurde, wurdt net elkenien mei klachten test. Dit betsjut dat der mear minsken mei it coronafirus binne yn Fryslân as de GGD meldt yn syn update.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)