Deadlike stekpartij Easterwâlde wie yn 'e relasjonele sfear

05 apr 2020 - 11:00

It slachtoffer dat sneon omkaam by in stekynsidint yn Easterwâlde is in 44-jierige man fan Bovensmilde (Drinte). Dat meldt de plysje. Dy hâldt der rekken mei dat de oanlieding foar it ynsidint yn de relasjonele sfear leit.

Foto: De Vries Media

It slachtoffer waard sneon swierferwûne oantroffen by in tankstasjon. Hy wie der slim oan ta en ferstoar ûnderweis nei it sikehûs.

De plysje hat ûndersyk dien by it tankstasjon. En in wenhûs yn Easterwâlde is ek mei plysjelinten ôfsetten. Neffens de plysje is it 'aannemelijk' dat it stekynsidint yn of by de wenning plakfûn hat, en dat it slachtoffer dêrnei besocht hat te flechtsjen yn de rjochting fan it tankstasjon, in pear hûndert meter fierderop.

De resjerzje tinkt te witten wa't der belutsen wie by de stekpartij, en is noch altyd nei dizze persoan op syk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)