Sportkantine Trynwâlden ferkeapet foarried: "Dit makket it ferskil tusken reade en swarte sifers"

Foar sportklups is april meastentiids de drokste moanne fan it jier, mar no leit fansels alles stil. Dat is ek foar sportkantines in strop. Dêrom hawwe ferskillende kantines no har foarried yn de ferkeap set. Sa ek de kantine fan de sportklups Trynwâlden. "Dit kin it ferskil wêze tusken reade sifers en rûnkomme", fertelt foarsitter Jos Ebbers.
Sportkantine Trynwâlden ferkeapet foarrie
Yn totaal binne der 130 kratten bier, in soad fris en noch wat snobbersguod te keap. Dat is alles mei in koarte hâldberheidsdatum. Der wie in skoftke lyn krekt ekstra ynslein. Ebbers: "Normaal is dit de drokste moanne fan it jier."
Oan de ein fan de dei docht bliken dat der sa'n 50 kratten bier ferkocht binne. Kommende wike sil de kantine op 'e nij eefkes iepen gean om de rest te ferkeapjen. Ebbers: "Dan witte wat mear minsken derfan, dus dan hoopje we alles kwyt te reitsjen." De kantine is sneon 11 april iepen fan 10.30 oere oant 12 oere.