FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

05 apr 2020 - 09:30

Yn Fryslân ferfalle de kommende wiken in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert de Omrop alle sneinen live in tsjinst út. De tsjerketsjinst komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei en begjint om 10:00 oere. Foargonger is dizze kear dûmny Dorette van Houten en Jochem Schuurman is de oargelist.

Klik hjir foar de liturgy fan de tsjerketsjinst. De tsjinst ek te sjen op Omrop Fryslân telefyzje en wurdt om 12:00 oere werhelle. Nei ôfrin is de útstjoering ek werom te sjen fia Utstjoering Mist.

(advertinsje)
(advertinsje)