Liveblog | 5 april 2020

Coronanijs snein 5 april: Rêstich yn grutste part fan Fryslân, mar net oeral

Folgje hjir de lêste ûntwikkelings rûnom it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 6 april 2020, 06:18
22:27

Ein liveblog

Oant safier dit liveblog fan snein 5 april oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.

De dei fan moarn

Moarn is der in nij liveblog. Op de radio is fan 6.00 oere ôf ek omtinken foar de coronakrisis, te begjinnen mei it programma Fryslân fan 'e moarn. Dêryn praat presintator Hans Koster mei in teamlieder fan RENN4, dat spesjaal ûnderwiis fersoarget. Hoe giet dat yn dizze tiid? We ha it ek oer de ambulânsehelikopter, dy't gewoanwei ynset wurdt op de Waadeilannen. Dy wurdt fan moarn ôf brûkt foar coronaferfier. Wat betsjut dat foar de eilanners? Fierder giet de neisoarch foar greidefûgels yn dizze tiid troch, mar ek oars as oars. BFVW-foarsitter Frans Kloosterman leit út. En wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân docht in oprop oan de ferhierders fan winkelpannen.
Op telefyzje begjinne we om 9.00 oere mei de twadde wike fan Fryslân Fit. Om 18.00 oere is der in nije útstjoering fan Fryslân Hjoed.
21:44

'Spilers wolle earedifyzjeseizoen ôfmeitsje'

In mearderheid fan de fuotballers yn de earedifyzje wol it seizoen ôfmeitsje. Dat seit Evgeniy Levchenko, foarsitter fan spilersfakbûn VVCS tsjin de NOS. In part fan de klups wol dat de KNVB in punt achter it seizoen set, mar sa steane de spilers der neffens Levchenko dus net yn. "Ik weet dat de meerderheid van de eredivisiespelers de competitie graag wil afmaken", seit er. "Ik vraag me af of de clubs die gezegd hebben te willen stoppen met de competitie wel met de spelers hebben gepraat."

"Ze worden gek van het thuiszitten"

"Ik weet precies welke spelers hebben gezegd te willen stoppen en welke spelers door willen." Hy hat in soad kontakt mei de spilers. "Het enige wat nu resteert is wachten. Ze worden gek van het thuiszitten en vinden het vervelend niks in groepsverband te kunnen doen. Ze willen vooral graag duidelijkheid."
Johnny Jansen, trainer fan SC Hearrenfean, liet him der noch net oer út. Hy fynt dat oaren beslute moatte oft it seizoen wol of net ôfmakke wurde moat.
21:31

Muzyk yn it doarp

20:44

Doarskrukiepener

Helptsjinsten en soarchpersoniel brûke in spesjale iepener foar doarskrukken, sadat se dy net oan hoege te reitsjen. Thys Metz fan Drachtsterkompenije hat it apparaatsje ûntwikkele:
Hângreephâlder
20:19

Drijf-thru

De Pollepleats in Westhim is in plak dêr't gewoanwei trouwerijen of gearkomsten binne. Dat kin no net mear, en dêrom komt it bedriuw mei in drijf-thru. Minsken yn boatsjes kinne in lunsj- of buorrelpakket ophelje. Dy wurde mei in stôk oerlange.
19:01

Grapperhaus grutdiels tefreden

Minister Ferd Grapperhaus is foar it grutste part tefreden oer hoe't Nederlân him oan de foarskriften holden hat. "We kijken terug op een weekend met prachtig weer, waarbij mensen duidelijk de lastige keuze hebben gemaakt zoveel mogelijk thuis te blijven. De mensen die wel naar buiten gingen, hielden zich aan de regels en hielden goed afstand tot elkaar. Tegen die mensen zeg ik: complimenten, we begrijpen hoe moeilijk het is, maar hou dit vast, ook richting het Paasweekend!"
Net alles gong goed, op guon plakken wiene dochs noch feesten, ek yn Ljouwert. Dat is ûnakseptabel, seit Grapperhaus. "De burgemeesters en de politie hebben terecht hard opgetreden." Ek by feesten yn Borne, Arnhem en Breda kaam de plysje yn aksje.
Ek premier Rutte wie tefreden: