Cambuur Verbindt organisearret bysûndere aksje tsjin iensumens

Cambuur Verbindt komt mei in bysûndere aksje foar minsken dy't har in dizze coronatiden iensum fiele. De maatskiplike stichting fan de Ljouwerter fuotbalklup organisearret nammentlik in belaksje foar âlderein en minsken mei in beheining dy't no minder sosjale kontakten hawwe. En it is net samar in belaksje: it binne de spilers fan Cambuur sels dy't de telefoantsjes plege.
© Pexels.com
Cambuur Verbindt is in maatskiplike stifting dy't him ynset foar minsken dy't wol wat stipe brûke kinne. Dat wurdt dien mei projekten wêrby't gebrûk makke wurdt fan de fasiliteiten fan SC Cambuur. De measte projekten binne no lykwols stillein yn ferbân mei it coronafirus.
"Iedereen wil nu natuurlijk wat doen, maar dat is wel lastig, want je moet wel de gezondheidsregels aanhouden. Dus we dachten: wat kunnen wij nou doen voor deze doelgroepen? We laten de spelers hen bellen, zodat er toch wat contactmomenten zijn, voor de afleiding", seit Karin Smit fan Cambuur Verbindt.

Spilers entûsjast

It is wer hiel wat oars as wat de spilers normaal dogge, mar neffens Smit fûnen se it in hartstikkene moai inisjatyf. Normaal sprutsen wurdt der elke dei traind by Cambuur en dan sitte der ek âlderein of minsken mei in beheining op de tribune. Smit: "Bij wijze van uitje." Dat is no allegear fuort en dat beseffe de spilers en trainers ek. "De dagelijkse kleine contactmomenten zijn voor deze doelgroepen nu heel beperkt."
Ald-Cambuurkeeper Xavier Mous, dy't no by PEC Zwolle spilet, wie sa entûsjast oer it inisjatyf dat hy him ek oanmeld hat. "We hebben ook al vanuit heel veel supporters berichten gekregen dat ze hier ook graag gezamenlijk aan mee willen werken." Yntusken binne der al hast hûndert oanmeldings en dêr komme grif noch mear by.

Meidwaan?

Minsken dy't it wol wat liket om in telefoanysk praatsje te meitsjen mei fan ien fan de Cambuurspilers, kinne har opjaan fia de webside of een mailtsje stjoere nei info@cambuurverbindt.nl. "Daarna maken we een selectie. Elke speler krijgt een lijstje met nummers en verhalen en daarna gaan ze de mensen bellen." Elkenien kin dizze wike of kommende wike in telefoantsje ferwachtsje.
Karin Smit fan Cambuur Verbindt