Boeren wurkje oan needsenario "waarin het ophalen van melk niet vanzelfsprekend is"

04 apr 2020 - 21:09

De coronakrisis kin soargje foar in sitewaasje "waarin het ophalen van alle melk niet langer vanzelfsprekend is". Dat meldt de brânsjferiening NZO fan de Nederlânske suvelsektor. Dy hâldt rekken mei in senario dêr't de ferwurking fan molke op grutte skaal stagnearret, troch syktefersom bygelyks.

Foto: ANP

"Als dan ook alle alternatieve mogelijkheden voor verwerking zijn benut, kan een tijdelijke vermindering van de melkaanvoer in beeld komen, totdat er weer verwerkingscapaciteit beschikbaar is", meldt de organisaasje.

Op dit stuit binne der gjin problemen mei it ferwurkjen fan de molke, meldt de NZO. De leden fan de brânsjferiening ha ôfpraat dat se mekoar safolle mooglik helpe sille, en as it nedich is kin it ûnderskied tusken de ferskillende molkestreamen tydlik opheft wurde.

Trefwurden: 
boeren molke coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)