Online filmkes moatte bern oan it fuotbaljen hâlde

04 apr 2020 - 15:32

In âld-fuotballer fan SC Hearrenfean hâldt him no dwaande mei online fuotbalfilmkes. Richard Elsinga wurket by Voetbal Technische Ontwikkeling Nederland. Dy organisaasje makket ynstruksjefilmkes foar bern fan 5 oant 19 jier.

No't elkenien oardel meter ôfstân hâlde moat, is it fuotbaljen wat dreger. En dus komt Elsinga no mei filmkes dy't spesifyk foar dizze tiid binne. Normaalwei binne der al 250 klups yn Nederlân dêr't er fuotbalfilmkes foar makket, om yn de traininen te brûken. En no set er yn op traininen foar thús.

"Der binne in hiele protte bern dy't fuotbalje wolle", seit Elsinga. "Dus ha we in thúsprojekt fasilitearre. Op in app krije de bern trije kear yn de wike nije oefeningen, acht wiken lang. We hiene krekt in spilers-app ûntwikkele. Dat komt no goed út."

It is de bedoeling om de bern mear oan it trainen te krijen. Mear fuotbalje dus. "Mar it giet ús net allinnich mar om it fuotbaljen. Der binne jonges by dy't proffuotballer wurde wolle. Dêr komt mear by sjen. we ha ek lifestyle-projekten. Oer goed iten bygelyks, oer hoefolle koolhydraten oft je ha moatte."

(advertinsje)
(advertinsje)