Man ferstoarn by stekynsidint Easterwâlde

By in stekynsidint yn Easterwâlde is in man om it libben kaam. Dat meldt de plysje. It slachtoffer waard swierferwûne oantroffen by in tankstasjon.
Man slim ferwûne yn Easterwâlde
It slachtoffer wie der slim oan ta. Hy ferstoar ûnderweis nei it sikehûs.
De resjerzje tinkt te witten wa't der belutsen wie by de stekpartij, en is nei dizze persoan op syk. Dat meldt de plysje. Earder melde Omrop Fryslân dat der in fertochte oanholden wie yn dizze saak. Dat blykte net sa te wêzen.
De plysje hat ûndersyk dien by it tankstasjon. En in wenhûs yn Easterwâlde is ek mei plysjelinten ôfsetten. Neffens de plysje is it 'aannemelijk' dat it stekynsidint yn of by de wenning plakfûn hat, en dat it slachtoffer dêrnei besocht hat te flechtsjen yn de rjochting fan it tankstasjon, in pear hûndert meter fierderop.