Omrop TIP: de stille ferwûndering fan Jan Mankes

04 apr 2020 - 14:15

It is dit jier 100 jier lyn dat de keunstner Jan Mankes fan De Knipe ferstoarn is. Yn 2001 makke Gryt van Duinen in film oer it libben en wurk fan Jan Mankes. Unyk materiaal, dat no op 'e nij brûkt wurdt yn in nije dokumintêre oer de skilder. Fryslân DOK gong op besite yn museum MORE yn Gorssel, dat in grutte kolleksje Mankes hat.

Museum MORE hat 35 topstikken fan Mankes by elkoar brocht. "Eén van de mooiste portretten uit de moderne Nederlandse kunstgeschiedenis", seit direkteur Ype Koopmans oer it portret dat Jan Mankes fan syn frou Anne Zernike makke hat. "Lieflijk, ontroerend."

Portret Anne Zernike - Foto: Omrop Fryslân

Anne Zernike kaam yn 1911 as dûmny nei De Knipe, it doarp dêr't Jan Mankes mei syn âlden wenne. Anne Zernike wie de earste frou op de kânsel yn Nederlân. Yn 1914 hiene Jan en Anne har oan elkoar fersein. In jier letter trouden se en ferhuzen se nei Den Haag. Ype Koopmans: "Ze was de liefde van zijn leven, en hij was de liefde van haar leven."

Anne en Jan ferloofd. - Foto: Omrop Fryslân

It pear ferhuze nei Den Haag, omdat de seelucht Jan goed dwaan soe. Hy wie doe al siik. Letter die bliken dat er tbc ûnder de lea hie. Se binne doe ferhuze nei Eerbeek op 'e Veluwe. Yn 1920 is Jan Mankes ferstoarn. Hy wie noch mar tritich jier âld.

Jan en Anne op de Wâldsterdyk - Foto: Omrop Fryslân

Keunstkenner en oprjochter fan Museum Belvédère Thom Mercuur wurdt yn de dokumintêre út 2001 ynterviewd oer Jan Mankes. "It is tiidleaze keunst. As der oer 20 jier wer in tentoanstelling komt, bin ik derfan oertsjûge dat it noch mear bewûndering ha sil."

Sanglyster, Jan Mankes - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)