Caroline Sandberg siedt iten foar flechtlingen yn Grikelân: "Corona is niet de eerste zorg"

Omdat har cateringbedriuw slute moast fanwege de coronamaatregels, is Ljouwerter Caroline Sandberg nei Grikelân gien. Se makket dêr mei har dochter Zoi iten foar de flechtlingen yn de kampen Malakasa en Oinofyta, op in oere fan Athene.
© Caroline Sandberg
Doe't har bedriuw slute moast, is sy fuort nei Grikelân gien. "Zoi, mijn dochter, is hier twee maanden geleden naartoe gegaan. Die wilde een halfjaar wat anders doen en besloot hier te koken. Toen ik door de coronacrisis mijn bedrijf ook moest sluiten, dacht ik: het enige wat ik kan doen, is hier naartoe gaan en ook gaan helpen."

Corona net de grutste soarch

Hoewol't minsken wol bang binne foar it coronafirus, is it op it stuit net de grutste soarch yn de flechtlingekampen. "Het ene kamp is wat meer gestrest dan het andere, maar iedereen doet gewoon zijn ding wel. De zorg is dat ze een gewoon huis gaan krijgen. Het is heel slecht weer hier, het stroomt van de regen, en ze wonen in hele kleine tentjes", seit Sandberg.
Sy soe der mar efkes wêze, mar troch de drokte bliuwt sy der foarearst noch. "Er komen geen nieuwe vrijwilligers meer bij. We zijn met ons vijven en koken voor achthonderd tot duizend mensen, dus er kan ook eigenlijk niemand weg. We snijden negentig kilo groenten per dag en we maken zo'n 140 kilogram eten met rijst, bonen, linzen, enzovoort erbij." Sy keapje it iten fan donaasjes oan stifting Foodkind.
Caroline Sandberg yn Grikelân