Grutskalich fiskûndersyk yn Noardeast-Fryslân set útein

04 apr 2020 - 13:54

Yn Noardeast-Fryslân is in grutskalich ûndersyk úteinsetten nei fisken dy't fan see nei it swiete wetter reizgje as ûnderdiel fan it Suderie-projekt. Ien fan de ûnderdielen dêrfan is it meitsjen fan fiskpassaazjes tusken de Lauwersmar en de polders dêrachter. En der is mar ien wize om der wis fan te wêzen dat dy ek wurkje. En dat is troch ûndersyk.

"Het is voor ons en onze partners best wel een groot onderzoek want er zijn veel vispassages nu in voorbereiding en gebouwd. Die willen we allemaal de komende jaren onderzoeken", seit ûndersiker en projektlieder Jeroen Huisman fan hegeskoalle Van Hall Larenstein.

"En dan niet een paar metingen van 'het zal wel werken', maar we willen echt goed onderzoek doen zodat we kunnen zeggen hoeveel vis hier binnen komt en ook meerdere jaren. Want het ene jaar heb je meer vis dan het andere en dat willen we wel goed begrijpen."

Ien fan de fisksoarten dêr't nei sjoen wurdt, is de iel. De earste dagen is der benammen fiske by Iezumasyl mei fûken troch in beropsfisker en mei krúsnetten troch ûndersikers en studinten. Dêrby komt der net altiten in soad fisk boppe wetter, fertelt Jeroen Breidenbacht, ek fan Van Hall Larenstein. "Als het donker wordt, wil het meestal beter." Mar it bliuwt net by fiskjen allinnich. Letter krije fisken ek lytse merkjes mei om sa te folgjen wêr't sy krekt hinne reizigje.

(advertinsje)
(advertinsje)