Tsjerke Hurdegaryp kiest derfoar om tsjinst net trochgean te litten

De Hersteld Hervormde Gemeente yn Hurdegaryp giet snein net iepen foar har gemeente. Dat hat de tsjerkeried besletten nei't der ferline wike opskuor ûntstien wie om't de tsjinst dêr gewoan trochgean soe. Der sil no wol in tsjinst wêze, mar allinnich mei de dûmny en in pear minsken fan de tsjerkeried.
© ANP
"De rest hoopt via een online stream mee te luisteren", seit Johan van de Schootbrugge, skriba fan de tsjerklike gemeente yn Hurdegaryp.
"Dat hebben we puur gedaan vanwege de commotie die er op het internet is ontstaan. We willen weer rust creëren in Hurdegaryp en omstreken", seit Van de Schootbrugge. It wie gjin maklik beslút, mar om eskalaasje foar te kommen koe de tsjerke net oars. As der gijn kommoasje ûntstien wie, wie de tsjinst gewoan trochgien.
Nettsjinsteande de ôfsizzing, fynt Van de Schootbrugge dat de tsjerke eins neat ferkeard docht. Van de Schootbrugge: "Er zijn veel niet-primaire levensbehoeften nog open, zoals bouwmarkten. Daar zijn ook veel mensen, dus dat kun je van beide kanten bekijken." Grut ferskil mei bygelyks de boumerken is neffens him dat minsken yn de tsjerke yn groepkes binnen komme en net oan elkoar sitte.
De oplossing, dat minsken thús de tsjinst fia ynternet folgje kinne, klinkt ienfâldiger as de praktyk. "We draaien het nog op cassettes over. Het klinkt wat jaren 80. Maar als we die online stream hadden gehad, hadden we het wel eerder gedaan, maar je kunt geen ijzer met handen breken om dat allemaal in één keer aan te leggen."
Johan van de Schootbrugge fan de tsjerklike gemeente Hurdegaryp