GGD: Fiif deaden en tweintich nije coronabesmettingen

Yn Fryslân binne der de ôfrûne 24 oeren fiif nije coronastjergefallen registrearre. Dat hat de GGD Fryslân sneontemiddei bekend makke. Yn totaal binne der yn Fryslân no njoggentjin minsken ferstoarn oan it firus. Der binne it ôfrûne etmiel tweintich nije besmettingen fêststeld. Dat binne der seis mear as freed.
GGD Fryslân © GGD Fryslân
De persoanen dy't ferstoarn binne, wiene allegear al op hegere leeftiid, seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. By de nije positive tests giet it om soarchferlieners en minsken út kwetsbere groepen. "We zien dat het aantal besmettingen niet exponentieel stijgt: we zien niet elke dag een verdubbeling van de positieve testen." Neffens har is it goed slagge om de stiging ôf te flakken yn Fryslân.
Der komme saneamde coronahuzen yn Fryslân dêr't coronapasjinten opfongen wurde kinne. Lanlik binne der 10.000 ekstra plakken nedich. "Als je dat terugrekent naar de bevolking zouden we hier op 300 à 400 zitten. Maar onze stijging is veel minder hoog, dus dat is hier nog niet nodig." Der binne al wol 150 ekstra bêden realisearre yn Fryslân en der wurde noch 150 taret. Mocht dat nedich wêze, dan kin de Fryske krisisorganisaasje tegearre mei de soarchpartners in ekstra koronasintrum opsette. Op dit momint is dat noch net nedich.

Nije testlokaasje

Kommende moandei iepent der in nije testlokaasje by Izore. Dy is benammen bedoeld foar soarchpersoniel dat op útnûging delkomme kin. De Graaf: "Voor mensen die zelfstandig of met een huisgenoot in hun auto naar de testlocatie kunnen komen. Het beleid is dat voornamelijk zorgverleners die niet gemist kunnen worden of van wie we zeker moeten weten wat ze hebben, worden getest. Dat is altijd in overleg met de arts-infectieziektenbestrijding."
It wurdt dit wykein moai waar. Neffens De Graaf hawwe hegere temperatueren effekt op it firus. "Op de lange termijn lijkt het daar gevoelig voor en verliest het aan kracht. Sowieso is lekker weer goed voor je weerstand, dus in die zin helpt het. Maar als we allemaal naar buiten gaan en dicht op elkaar kruipen, dan niet. Dus blijf afstand houden."
Margreet de Graaf fan GGD Fryslân