Plysje pakt 'coronafliber' op yn Earnewâld

04 apr 2020 - 11:56

De plysje hat freed in man oanhâlden dy't nei in frou flibe hie. Hy soe dêrby roppen hawwe dat er besmet wie mei it coronafirus. De plysje luts foar de arrestaasje út foarsoarch beskermjende pakken oan. De frou hat oanjefte dien. Oft de man echt corona hie, is net bekend.

Foto: Politie Noordoost-Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)